Trou-akte Rembrandt pronkje Biltsk argyf
It Bilt hat de saken knap op in rychje
troch: Ingrid Wagenaar Kening Filips II fan Spanje ferliende it yn 1574 it rjocht om
der wyk- en jiermerken te hālden en Rembrandt Harmens
van Rhijn troude der yn 1634 syn Saskia. Dźr oerhinne is
dit stikje nije lān ek nochris it bźst dokumintearre
stikje lān fan Fryslān, krekt om't it sa nij
is. Heakje dźr in entūsjaste boargemaster oan ta
en in gemeenteried dy't wol wat skowe wol rjochting argyf, dan
hawwe jo it aardich yn streken. Jelle Sinnema en syn kollega's
kleie dan ek net. Sy binne dźr op It Bilt grutsk op
harren bysūndere argyf! Yn Sint Anne swaait Jelle Sinnema (44), koördinator
ōfdieling ynterne saken, de skepter oer de argiven.
Sinnema wurke earst by de provinsje, mar hie it dźr nei
in skoftke wol besjoen. In wat lytsere organisaasje spruts him
mear oan. Dźrfandinne dat er yn 1985 op 'e baan fan sjef
ynterne saken die. 'Ik ha hjir in tige ōfwikseljende
baan, dat is it foardiel fan dizze gemeente. Jo krije alles
troch de hannen. Sa fersoargje ik de notulen fan de riedsgearkomsten,
de aginda foar B & W, de riedsstikken foar de gearkomsten,
de ynkeap fan kantoarspul en fansels it tafersjoch op
de argiven. By dat lźste jildt dat ik der net allinne
foar soargje dat alles wat hjir ynkomt kreas argivearre wurdt,
mar ek dat alles wat der al is teplak komt. De gemeenten hawwe
de plicht om goed op 'e saken te passen en op dit gemeentehūs
bin ik dźr ferantwurdlik foar.'
Unyk argyf Elk argyf heart tagonklik te wźzen foar publyk. Op It
Bilt hawwe se dat tige serieus opfette. Yn in kreaze
stśdzjeromte kinne de sneupers yn alle rźst wurkje mei
it argyfmateriaal of sykje mei help fan de kompjūter.
Sinnema hat sūnt in jier as wat help fan twa banepoolers:
de hearen Edward Kuiken (43) en Douwe Zwart (39), twa
echte Bilkers. Kuiken hāldt him benammen dwaande mei it
ferwurkjen fan gegevens oer perselen grūn, gebouwen en
pleatsen. 'At mīnsen wat feerder binne met hur ondersoek, dan
wille se faak ok de sosjale achtergronden wete. Wer is pake
geboren, wer is 'ie sturven en wer het 'ie werkt,' seit Kuiken.
Sinnema follet oan: 'Fan 1832 ōf is alles fźstlein
by it kadaster, mar foar dy tiid: dat is in oar
ferhaal. En dat is hjir no krekt sa unyk op It Bilt. Hjir is
it measte wol fźstlein, dat komt om't it hjir om nij
lān giet. It ālde Bilt is fan 1505, it nije fan
1600 en om 1715 kaam der noch in stikje by. Om de 7 of 14 jier
waarden der nije pachtprizen fźststeld en dat is allegearre
opskreaun. Yn de 17de ieu waard it measte lān
ferkocht en ek dźrfan is de skriftlike delslach goed
bewarre bleaun.' Benammen in ālde kaart śt 1738,
dźr't alle stikjes grūn op steane, makket it
maklik in ferbining te meitsjen mei it ferline. Kuiken is al
acht jier dwaande mei dit projekt en ferwachtet dźr de
earstkommende tweintich jier ek noch net mei klear te wźzen.
Begraafplakken Douwe Zwart hat it projekt begraafplakken ūnder hannen.
De registraasje fan de eigners en de minsken dy't begroeven
lizze op alle algemiene gemeentlike begraafplakken. Yn 't
foarste plak is hy lykwols de man dy't it publyk op gleed
helpt. 'Kyk, 99% fan de klanten doet stamboomondersoek. En
foar in part kinne dy hurself ok wel rźde. Ik bin der
mear foar de infalshoeken seg mar. At se fast sitte kin ik hur
weer helpe deur 'n andere infalshoek te kiezen. Hč je dźr al
's naar socht of al eens in dat register keken.' Zwart is ek
dyjinge dy't, at er wat tiid oer hat, stikjes oer de argiven
skriuwt yn de Bildtse Post. 'Ik prebeer 'n smeuig stikky te
skrieven over bepaalde argyfstikken. Om de mīnsen sien te
laten wat wy allegaar hewwe. En dat der faak mear ynformasy
over froeger is dan dat de mīnsen dinke, feul mear achtergronnen.'
Boarneboek De gemeenteried fan It Bilt stelt jierliks f. 25.000,-- beskikber
foar it argyf. Dat jild kin brūkt wurde foar grut
ūnderhāld, foar konverzjes fan bepaalde argiven op
bygelyks CD-rom of foar in betelle krźft dy't twa dagen
yn 'e wike oan in ynventarisaasjeprojekt wurket. Sinnema is
tige wiis mei de belangstelling fan de gemeente foar har eigen
argiven. 'Dat śs boargemaster sels ek in echte sneuper
is, hy sit regelmjittich op it Ryksargyf, spilet fansels net
swak by. Soks hat altiten in stimulearjende wurking. Mei op
inisjatyf fan Dankert (de boargemaster, red.) is ek it boarneboek
ta stān kommen yn gearwurking mei de Sintrale
Biblioteektsjinst, de provinsje en it Ryksargyf. It is in
soarte fan paadwizer wurden en it wurket perfekt.' As ferfolch
op it boarneboekje is yn gearwurking mei de Stichting Ons
Bildt, de gemeente en de iepenbiere biblioteek it Bildts
dokumintasysintrum opset, dat yn de biblioteek yn Sint Anne
hśsfeste is. Eenijghe Memorijen At it praat komt op it moaiste stik yn harren argyf, binne de
hearen it gau iens. 'It takennen fan de jiermerk oan Sint Anne
yn 1574 troch Filips II, kening fan Spanje. Dat is ek it
āldste stik, kompleet mei in grut segel,' seit Jelle
Sinnema. Mar ek it boek 'Eenijghe Memorijen belangende die
Grietenije vander Bijldt sendt anno 1620, door Dirck Jansen op
pompier brocht' smyt hege eagen. It meast unike en ynformative
is lykwols it wurk fan skoalmaster Hartman Sannes. Dy beskreau
yn trije mānske dielen de bestjoerlike skiednis fan It
Bilt. Fan foar 1505 oant de Twadde Wrāldkriich ta.
Sinnema: 'Alles wat er mar fine koe stiet der yn. Hy brūkte
ryks-, gemeente- en persoanlike argiven. It binne net
sasear boeken om te lźzen, mar mear feiteboeken,
neislachwurken. Der sitte in protte brūkbere trochferwizings
yn. Sūnder dat boek soene wy raar handikapt wźze.'
It gemeenteargyf fan It Bilt stiet yn Sint Anne oan de Van
Harenstrjitte 47. De iepeningstiden binne fan moandei oant en
mei woansdei fan 9.00 oant 12.00 oere. Tongersdeis fan 9.00
oant 12.00 oere en fan 13.30 oant 16.30 oere. Der moat altyd
earst in ōfspraak makke wurde. Telefoannūmer:
0518-409234. Meikoarten komt der in tige ynformative folder
oer it argyf fan de gemeente It Bilt.
It doel fan dit gearwurkingsferbān wurdt as folget
omskreaun: 'In 't Bildts dokumintasysintrum wort allerhande
infermasy fastlaid in geskrift, beeld of geluud, opnommen,
rangskikt en ontsloaten, die't te maken het met de Bildtse
geskiedenis, taal en kultuur.'
Mei tank oan de redaksje fan F-side |