Logo F-Side


Trou-akte Rembrandt pronkje Biltsk argyf

It Bilt hat de saken knap op in rychje

 

troch: Ingrid Wagenaar

 

Kening Filips II fan Spanje ferliende it yn 1574 it rjocht om der wyk- en jiermerken te hālden en Rembrandt Harmens van Rhijn troude der yn 1634 syn Saskia. Dźr oerhinne is dit stikje nije lān ek nochris it bźst dokumintearre stikje lān fan Fryslān, krekt om't it sa nij is. Heakje dźr in entūsjaste boargemaster oan ta en in gemeenteried dy't wol wat skowe wol rjochting argyf, dan hawwe jo it aardich yn streken. Jelle Sinnema en syn kollega's kleie dan ek net. Sy binne dźr op It Bilt grutsk op harren bysūndere argyf!

Yn Sint Anne swaait Jelle Sinnema (44), koördinator ōfdieling ynterne saken, de skepter oer de argiven. Sinnema wurke earst by de provinsje, mar hie it dźr nei in skoftke wol besjoen. In wat lytsere organisaasje spruts him mear oan. Dźrfandinne dat er yn 1985 op 'e baan fan sjef ynterne saken die. 'Ik ha hjir in tige ōfwikseljende baan, dat is it foardiel fan dizze gemeente. Jo krije alles troch de hannen. Sa fersoargje ik de notulen fan de riedsgearkomsten, de aginda foar B & W, de riedsstikken foar de gearkomsten, de ynkeap fan kantoarspul en fansels it tafersjoch op de argiven. By dat lźste jildt dat ik der net allinne foar soargje dat alles wat hjir ynkomt kreas argivearre wurdt, mar ek dat alles wat der al is teplak komt. De gemeenten hawwe de plicht om goed op 'e saken te passen en op dit gemeentehūs bin ik dźr ferantwurdlik foar.'

Unyk argyf

Elk argyf heart tagonklik te wźzen foar publyk. Op It Bilt hawwe se dat tige serieus opfette. Yn in kreaze stśdzjeromte kinne de sneupers yn alle rźst wurkje mei it argyfmateriaal of sykje mei help fan de kompjūter. Sinnema hat sūnt in jier as wat help fan twa banepoolers: de hearen Edward Kuiken (43) en Douwe Zwart (39), twa echte Bilkers. Kuiken hāldt him benammen dwaande mei it ferwurkjen fan gegevens oer perselen grūn, gebouwen en pleatsen. 'At mīnsen wat feerder binne met hur ondersoek, dan wille se faak ok de sosjale achtergronden wete. Wer is pake geboren, wer is 'ie sturven en wer het 'ie werkt,' seit Kuiken. Sinnema follet oan: 'Fan 1832 ōf is alles fźstlein by it kadaster, mar foar dy tiid: dat is in oar ferhaal. En dat is hjir no krekt sa unyk op It Bilt. Hjir is it measte wol fźstlein, dat komt om't it hjir om nij lān giet. It ālde Bilt is fan 1505, it nije fan 1600 en om 1715 kaam der noch in stikje by. Om de 7 of 14 jier waarden der nije pachtprizen fźststeld en dat is allegearre opskreaun. Yn de 17de ieu waard it measte lān ferkocht en ek dźrfan is de skriftlike delslach goed bewarre bleaun.' Benammen in ālde kaart śt 1738, dźr't alle stikjes grūn op steane, makket it maklik in ferbining te meitsjen mei it ferline. Kuiken is al acht jier dwaande mei dit projekt en ferwachtet dźr de earstkommende tweintich jier ek noch net mei klear te wźzen.

Begraafplakken

Douwe Zwart hat it projekt begraafplakken ūnder hannen. De registraasje fan de eigners en de minsken dy't begroeven lizze op alle algemiene gemeentlike begraafplakken. Yn 't foarste plak is hy lykwols de man dy't it publyk op gleed helpt. 'Kyk, 99% fan de klanten doet stamboomondersoek. En foar in part kinne dy hurself ok wel rźde. Ik bin der mear foar de infalshoeken seg mar. At se fast sitte kin ik hur weer helpe deur 'n andere infalshoek te kiezen. Hč je dźr al 's naar socht of al eens in dat register keken.' Zwart is ek dyjinge dy't, at er wat tiid oer hat, stikjes oer de argiven skriuwt yn de Bildtse Post. 'Ik prebeer 'n smeuig stikky te skrieven over bepaalde argyfstikken. Om de mīnsen sien te laten wat wy allegaar hewwe. En dat der faak mear ynformasy over froeger is dan dat de mīnsen dinke, feul mear achtergronnen.'

Boarneboek

De gemeenteried fan It Bilt stelt jierliks f. 25.000,-- beskikber foar it argyf. Dat jild kin brūkt wurde foar grut ūnderhāld, foar konverzjes fan bepaalde argiven op bygelyks CD-rom of foar in betelle krźft dy't twa dagen yn 'e wike oan in ynventarisaasjeprojekt wurket. Sinnema is tige wiis mei de belangstelling fan de gemeente foar har eigen argiven. 'Dat śs boargemaster sels ek in echte sneuper is, hy sit regelmjittich op it Ryksargyf, spilet fansels net swak by. Soks hat altiten in stimulearjende wurking. Mei op inisjatyf fan Dankert (de boargemaster, red.) is ek it boarneboek ta stān kommen yn gearwurking mei de Sintrale Biblioteektsjinst, de provinsje en it Ryksargyf. It is in soarte fan paadwizer wurden en it wurket perfekt.' As ferfolch op it boarneboekje is yn gearwurking mei de Stichting Ons Bildt, de gemeente en de iepenbiere biblioteek it Bildts dokumintasysintrum opset, dat yn de biblioteek yn Sint Anne hśsfeste is.
It doel fan dit gearwurkingsferbān wurdt as folget omskreaun: 'In 't Bildts dokumintasysintrum wort allerhande infermasy fastlaid in geskrift, beeld of geluud, opnommen, rangskikt en ontsloaten, die't te maken het met de Bildtse geskiedenis, taal en kultuur.'

Eenijghe Memorijen

At it praat komt op it moaiste stik yn harren argyf, binne de hearen it gau iens. 'It takennen fan de jiermerk oan Sint Anne yn 1574 troch Filips II, kening fan Spanje. Dat is ek it āldste stik, kompleet mei in grut segel,' seit Jelle Sinnema. Mar ek it boek 'Eenijghe Memorijen belangende die Grietenije vander Bijldt sendt anno 1620, door Dirck Jansen op pompier brocht' smyt hege eagen. It meast unike en ynformative is lykwols it wurk fan skoalmaster Hartman Sannes. Dy beskreau yn trije mānske dielen de bestjoerlike skiednis fan It Bilt. Fan foar 1505 oant de Twadde Wrāldkriich ta. Sinnema: 'Alles wat er mar fine koe stiet der yn. Hy brūkte ryks-, gemeente- en persoanlike argiven. It binne net sasear boeken om te lźzen, mar mear feiteboeken, neislachwurken. Der sitte in protte brūkbere trochferwizings yn. Sūnder dat boek soene wy raar handikapt wźze.'

It gemeenteargyf fan It Bilt stiet yn Sint Anne oan de Van Harenstrjitte 47. De iepeningstiden binne fan moandei oant en mei woansdei fan 9.00 oant 12.00 oere. Tongersdeis fan 9.00 oant 12.00 oere en fan 13.30 oant 16.30 oere. Der moat altyd earst in ōfspraak makke wurde. Telefoannūmer: 0518-409234. Meikoarten komt der in tige ynformative folder oer it argyf fan de gemeente It Bilt.


Met dank an 'e redaksy fan F-side