Sint Annaparochie, 10 april 2020    

IIsbaan yn 'e maaitiid

Landschap 02, 2019 - Hendrik Elings

IIsbaan yn ’e maaitiid is it nijste projekt fan skilder Hendrik Elings, fotograaf Baukje Venema en útjouwer Eddy van der Noord. In poëtysk keunstprojekt dêr’t ek alve Fryske dichters oan meiwurkje.

Gitte Brugman

Iisbaan yn ’e maaitiid. De sin yn himsels is al in gedicht en ropt bylden op. Fan in stil en keal gersfjild, mei in pear lantearnepeallen dy’t nutteleas wachtsje op in donkere winterjûn. Mar ek fan in drokke feesttinte mei hossende doarpsbewenners of fan keatsers dy’t tusken wite linen harren spul spylje.

In pear jier lyn kuiere Hendrik Elings mei syn hûn rûn de iisbaan fan Aldebiltsyl. It wie maaitiid. Wêr’t winterdeis wetter leit of soms iis, rûnen no skiep. Ien dêrfan lei op syn rêch, de poaten omheech. Elings holp it bist wer oerein. "Wat ik doe docht, dat waar dat soa’n iisbaan in ’e maitiid krekt op dat skaap leek. Sij lait der maar wat, kin niks, en het gyn funksy meer. Temînsen, de funksy werfoor at sij aigenlik bedoeld is."

Hy besleat ek ris nei oare iisbanen te sjen. Wat gebeurde dêr? Op guon plakken rinne der skiep, kij of hynders, yn oare doarpen wurdt sa’n baan brukt as buortersplak of sportfjild. Mar meast leit it der gewoan mar wat. "As in ’n soort fan seumerslaap."

Hy woe der wat skilderijen fan meitsje. "Ik bin niet ’n man fan iispret, koek en sopy, en dat soort sentiment. Ik skilder aigenlik nooit bomen en grâs." Dus wurde it in oefening yn grien. "Dy twee dingen kwammen hier mooi bijnander."

MOAI KONTRAST

Gelyk betocht hy dat hy gearwurkje woe mei fotograaf Baukje Venema, mei wa’t hy foar syn boek Heit ek oplutsen hie. Har swart-wite pinhole-foto’s soenen in moai kontrast jaan mei de kleurrike skilderijen. "En dêr kwam al gau ’t idee bij dichters te fragen ’n lofdicht te skriven op iisbaan yn ’e maaitiid ."

Utjouwer en freon Eddy van der Noord fan útjouwerij Louise yn Grou sprong dêr entûsjast op yn. Der waarden dichters frege dy’t yn de ferskate streektalen fan Fryslân skriuwe, lykas Gerard de Jong en Hein Jaap Hilarides fan ’t Bildt en Johan Veenstra yn it Stellingwarfs. Elkenien krige frijheid te dwaan wat hy of sy woe.

Elings rêde him mei syn skilderijen. "Soa’n iisbaan bestaat bij de grasy fan iis. Dan het’y ’n funksy, krijt’y waarde. Ans is’y leeg en kaal, as ’n log stik lând dat ’n bitsy onbeholpen dêr maar wat lait."

It is dy stilte en leegte dy’t Venema oanluts yn de maaitiidse iisbanen. Sy seach yn de iisbaan in persoan. "Verlaten en ontheven van haar functie ligt de ijsbaan. Wanneer het vriest weet men haar te vinden. In de lente is ze een plek voor ruisen, ritselen en kabbelen. Op die plekken voel ik een soort berusting in het lot dat haar is toebedeeld. In de winter hard en in de zomer zacht te zijn."

Sy socht nei moaie plakken, bysûndere iisbanen lykas dy yn de bosk by Beetstersweach. Dy yn Nijelamer hat in bysûnder gebou en it wetter by Feanwâldsterwâl is yn ’e maaitiid net as iisbaan te werkennen. ,,Zelf kende ik een aantal ijsbanen, ik kreeg tips van mensen en ik ben ook gaan zwerven. Gewoon naar Friesland gereden en dan bij toeval ergens op stuiten."

Sa kaam sy ek yn Hijum. "Daar ben ik wel vier keer geweest. De eerste keer stond er een feesttent, de andere keer waren ze aan het kaatsen. Hendrik zocht wel naar die andere manieren waarop de ijsbaan wordt gebruikt, maar ik was juist op zoek naar verstilling."

LYTS GATSJE

Yn it begjin fotografearre Venema mei pinhole (sûnder lins, mei allinne in lyts gatsje wêrtroch ljocht op it negatyf falt). "Maar ik wilde met glasnegatieven experimenteren en had een erfstuk van een familielid geleend."

"Timen

’t Lange grâs, de haaltsys springerig
en groen as de maagd die’t ik waar;
In niks likent ’t op de glâde, swarte
befrorene spigel der’t ik over stroffelde.
En ik stroffelde: ’n bonkebreker
met ’n furige blos op ’e droge wangen
de houtsys dwars onder de leerzen
en ’n bloedhekel an skoalskaatsen.
Timens haits skedel kraakte open op ’t iis.
Flakbij ’t groene hok met hite poeier en snert,
der’t in de maityd nou de Slikrollers
hur rondsys rije op de skilerbaan.
Wij kregen frij fan skoal. Wisten wij feul.
Timen en syn mim ferhuusden en nooit
hoorde ik nag fan ’m. Hij ok niet fan mij.
Wij sonken weg in ’t wek fan nanders tiid.
Ik gooide de houtsys an de kant en stroffelde
de iistiid út, myn maitydsjaren in.
Timen en syn hait sien ik inkeld nag
at d’r iis lait. Die twee dagen in ’t jaar.

Gerard de Jong

Dy kamera foel yn Hijum yn barrels. "Op zoek naar een alternatief kwam ik bij Arend Loerts in Leeuwarden. Die had nog een oud toestel staan, dat is nu mijn nieuwe ‘houten beest’. Ik noem hem Arie."

Op harren swalktochten bedarre Venema ek op in iisbaan earne yn Noardeast-Fryslân. Sy makke dêr foto’s en stjoerde Elings efkes gau in kiekje makke mei har mobyl. Hy makke der in skilderij fan. Mar wêr’t alle iisbanen as titel in plaknamme hawwe, bliuwt dit doek ‘sûnder titel’. "We weten niet waar het is. Ik kon het met geen mogelijkheid terugvinden, ook niet op Google Streetview. Dat blijft een mysterie..."

Bron: Leeuwarder Courant