Sint Jacobiparochie, 26 augustus 2020    

'Jo krije mar ien sa'n kâns yn it libben'

Wordt Taeke Triemstra nog de beste kaatser ooit? foto Henk Jan Dijks

Taeke Triemstra had in 2020 dichter bij de eerste plaats willen komen van het kaatsklassement aller tijden. De coronacrisis gooide roet in het eten en de prestaties vallen dit jaar ook tegen. Daarom de vraag aan kenners: stoot hij de legendarische Piet Jetze Faber ooit nog van de troon?

JOHANN MAST

De feiten: Taeke Triemstra staat thans derde in het kaatsklassement aller tijden, dat sinds 1853 wordt bijgehouden. De voorinse uit St. Jacobiparochie heeft in circa 20 jaar 796 punten bijeen gekaatst, maar hij wordt dit jaar 38 jaar. Zijn achterstand op leider Piet Jetze Faber bedraagt 89 punten. Faber heeft 885 punten. Hotze Schuil, de nummer 2 die in september 1990 door Faber werd gepasseerd, heeft 876 punten. Een kaatser op het hoogste niveau krijgt 3 punten voor een zege, 2 voor een tweede prijs, 1 voor een derde plaats.

"Ik wol der wol ris ôf, se moatte my mar ris ferjitte", sprak Schuil (1924-2005) in de weken voordat Faber (nu 64) hem voorbij streefde. Feit is dat nóch Schuil, nóch Faber ooit vergeten zal worden. Ook niet als Triemstra, ondanks dit kwakkeljaar waarin hij pas 6 punten aan zijn totaal toevoegde, op een dag de nummer-1 is. De vraag is: komt die dag nog, nu het kaatsjaar 2020 vanwege de coronacrisis zoveel deuken heeft opgelopen? Gaat hij Piet Jetze Faber nog passeren?

Taeke Triemstra (nummer 3 met 796 punten) in 2019:

"Jo kinne it mar ien kear dwaan, jo krije yn it libben mar ien sa'n kâns."

Piet Jetze Faber (nummer 1 in het kaatsklassement aller tijden met 885 punten):

"Yn it foarste plak: ik kom tsjintwurdich noait mear by it keatsen te sjen en wit net iens hoe fier Taeke presys fan my ôf stiet. Mar as it him fan it jier net slagget om my yn te heljen en takom jier ek noch net, dan moat er even langer trochgean. Sa simpel is it eins."

"Ik gean derfan út dat it kin. As hy it écht wol, dan kin it ek. Stiet hy op dit stuit noch in lytse 90 punten achter my? No, as hy in bytsje yn de goeie partoeren sitten bliuwt en hy bliuwt ek winnen, dan moat er gewoan troch keatse. Dan komt hy der fansels. Mar it moat gjin lêst wurde."

Johannes Brandsma (volgens menigeen Frieslands beste kaatser aller tijden, nummer 10 met 658 punten):

"It wurdt der net makliker op no't Tjisse (Steenstra, red.) it partoer fan Taeke en Gert-Anne (van der Bos, red.) nei dit jier ferlit. In jier lyn hie ik sein dat Taeke sûnder twifel Piet Jetze ynhellet. No sil it dreech wurde. Hy moat noch hast 90 punten ynrinne en hy wurdt der net jonger op. En ek net better, fyn ik."

"Hy hat mei dit partoer 34 kear wûn. Ik fyn dat 25 dêrfan grutdiels op it konto fan Tjisse komme. Dy skuorde se der faak troch. Foar Taeke is it te hoopjen dat Gert-Anne wer opstiet. Dat soe trouwens bêst ris kinne, want der is aanst net mear ien (Steenstra, red.) dy't oer syn skouder himet as it oan de opslach net rint yn it partoer."

"Taeke sil tsjin de fjirtich rinne as hy Piet Jetze miskien yn it fizier krijt. It moat net sa wêze dat hy dan foar lul stiet yn it perk, dat gun ik him net. De minsken herinnerje jo fan jo lêste wedstriid. Taeke is in absolute topper en hy fertsjinnet it dat it sa bliuwt."

Gert-Anne van der Bos (al 11 jaar Triemstra's vaste opslager in de vrije formatie, nummer 15 met 585 punten en zelf pas 31 jaar oud):

"It sil in hiele lestige opjefte foar Taeke wurde. Om Piet Jetze yn te heljen moat hy miskien noch wol trije jier troch keatse. De fraach is: hat er dat der foar oer? It is yn elts gefal belangryk om yn ien fan de partoeren út de top-3 te bliuwen en dat docht er. Der sit in gigantysk gat tusken de top-3 en de rest."

"Skriuw Taeke en my noch net ôf. Wy binne tûke keatsers dy't alles derfoar dogge. Wy wolle net troch de achterdoar fuort. As ik yn Taeke syn skuon stean soe, dan soe ik seker noch ien en miskien wol twa jier trochgean. En sa soe ik it ek oan elkenien meidiele. Ik wie fuort net stoppe. Kinst spyt krije ast te gau ophâldst. En wêrom soest, ast der noch lol yn hast?"

"Taeke kin yn elts gefal op my rekkenje. Wy hawwe in hiele hechte bân en sette elkoar net oan 'e kant. Dat hawwe we noch noait dien, ek net doe't hy blesseard wie en ik in mindere rite hie."

Afke Hijlkema (sinds 2004 de nummer 1 in het kaatsklassement aller tijden bij de vrouwen, 11 keer PC-koningin):

"De kâns dat Taeke it oprêdt is lytser wurden, tink ik. Hy hie foar eagen om Piet Jetze yn te heljen mei syn partoer fan no (met Van der Bos en Steenstra, red.). Dan hie it yn trije jier kind. No duorret it noch seker fiif jier. Dat is in hiel oar ferhaal as wannear't jo it eindoel yn sicht hawwe. En no krijst ek de fraach: hoe sit it mei de thússituaasje? Taeke hat trije bern."

"Sels wie ik dochs wol mei it rekôr dwaande doe't ik Lia (de Jong, red.) ynhelje koe. It is dochs in stikje histoarje, ik fûn it wol bysûnder. Dêr azet Taeke fansels ek op. Op himsels kin alles, mar alle wykeinen keatse is in hiele belêsting."

Reinder Triemstra (vader van Taeke en nummer 41 met 393 punten):

"Hij had de eerste plaats al moeten hebben! Taeke heeft al eens een heel jaar gemist door een blessure (2014, red.) en met dit jaar erbij wordt het wel heel moeilijk. Het is jammer hoor. Was hij altijd fit gebleven, dan had hij al bovenaan gestaan. Haalt hij het net niet, dan is het jammer. Maar je weet het nooit. Pakken ze volgend jaar veel punten, dan kan het misschien. Zijn partuur (met achterinse Erwin Zijlstra als vervanger van Tjisse Steenstra, red.) wordt er niet minder op."

"Ik bin hoe dan ek striidber
en noch fit genôch."

Taeke Triemstra (nummer 3 met 796 punten) nu:

"Ik wit noch dat dizze fraach in jier lyn ek steld waard oan de top-5. Piet Jetze, Sake Saakstra en Wiep van Wieren wiene it der doe oer iens dat ik it helje soe. Mar ja, ferline jier helle ik 52 punten. No haw ik mar seis. Dat helpt fansels net. Dit jier kinst gewoan net meitelle. Foarich jier hie ik mysels 80, 90 persint kâns jûn om Piet Jetze yn te heljen. No sis ik: fifty-fifty. Stel, ik helje takom jier 'mar' tritich punten. Dan stean ik noch altyd in bulte punten achter. Hie ik allinne west, dan hie ik noch wol fiif jier troch keatst. Mar ik wol Gerdien thús net allinne foar alles opdraaie litte."

"Mar it hâldt my wol dwaande. Sa'n kâns komt ienris yn de tritich jier foarby. It soe spitich wêze as it troch omstannichheden net slagje soe. Dochs sis ik: net ten koste fan alles. Takom seizoen sil it dúdlik wurde. Helje ik dan fyftich punten, dan kin ik troch. Yn it normale sil ik alles deroan dwaan om it earste plak te pakken. Ik keats der net sân jier om troch, mar oan de oare kant: ik stopje net as ik noch tweintich punten achter stean. Dan de frou mar in boskje blommen en in fleske parfum jaan..."

"Ik bin hoe dan ek striidber en noch fit genôch. Achterôf bin ik bliid dat Tjisse de kar makke hat om takom jier by Gert-Anne en my wei te gean. Yn it perk wurde we mei Erwin sels sterker. Ik ha no al sin oan 2021."

Bron: Leeuwarder Courant