Skiednis fan de gemeente it Bildt.

Een uijtland, gheheten Bil....

De gemeente it Bildt wurdt foarme troch in nei 1505 yndykt part fan de ālde Middelsee, de see-earm, dy't eartiids Fryslān ferdielde yn in Eastergea en Westergea. Dut yndykte lān lait noardlik fan de ālde seekering, dy't fan Bitgummole earst nei it noardeasten, dan nei it easten rint om yn 'e omkriten fan Britsum op de eartiidse eastlike Middelseedyk śt te kommen. De oanslibbing foar dizze seekering, dy't om ende bij 1400 al gāns in oerflakte besloech, hie doe al de namme fan "het Bildt", it "oanslibde".

Alde kaart Al betiid hie men weet fan de wearde fan dizze lannen. Yn 1398 hie de Hollānse graaf Albrecht fan Beieren in ynfal yn Fryslān dien en hjirbij fźste foet yn 'e Sśdwesthoeke witten te krijen. Ien fan syn meiwurkers, Arend fan Egmond, Hear fan IJsselstein, waard troch de nije lānhear bijeftige mei it eilān Amelān, "benevens een uijtland, gheheten Bil", as frije heerlikhyd.
 
Yn it jier 1498 waard oan hertog Albrecht fan Saksen it beskermhearskip oer Fryslān ferliend, soks op fersyk fan inkele Fryske ealju oan de Dśtske kaizer, Maximiliaan I. As beleaning foar oan him bewiizde tsjīnsten schonk de kaizer yn in aparte jeftebrief op 22 july 1498 de folle aigendom fan "dat nieuwe door opslijking aangewassen weide of bouwland “t Groote Bild en “t Kleine Bild" oan de Saksische hertoch dy't it daliks besjen gong en mjitte liet.
It gong de hertoch lykwols net foar de wyn yn Fryslān. Syn belestingmaatregels joegen in protte ferset en Hindrik, Albrechts soan, waard yn 1500 troch de bālstjurige Friezen te Frentsjer belegere. Albrecht slagge der rillegau yn de opstān der ūnder te krijen, mar hij stoar op 12 septimber 1500 op 'e weromrais nei hūs. Syn baide soanen, George en Hindrik, namen de Fryske saken oer, mar al gau hie Hindrik der sa syn nocht fan dat hij him yn 1504 foarrgoed weromluts en bij ferdrach fan 30 mei 1505 it bestjoer oer Fryslān oan syn broer oerliet. Mei har twaėn hine se noch wol inkelde wichtige schinkingen dien śt it noch net bedykte Bildt. It wichtigste wie wol:
 
Bij jeftebrief fan 26 maart 1501 waard oan 'e stźd Frentsjer fanwegen harren moedich gedrach bij it beliz, behalve frijdom fan aksijns foar yn 'e stźd brouwde bieren en twa jiermerken, 200 moargen lān op it Bildt skonken, welke lannen - "de Franeker landen" ūnder St.-Jabik - hjoed de dei noch yn besit fan Frentsjerteradeel binne.
 
Nei lange ūnderhandelings waard yn 1504 mei de bediking fan 'e kweldergrūnen begūn. Derfoar liet de hertog op 22 febrewary 1505 in oerienkomst slśte mei 4 Hollānse ealju, te witten Thomas Beukelaar en 'e bruoren Jacob, Floris en Dirk fan Wijngaarden. Yn 'e rin fan 1505 wie it wurk klear. Ek it Ald Monnikebildt wurde yndykt. De hertog hie no geregelde ynkomsten fan it Bildt, omt hij daliks nei de ynpoldering de grūn ferhierd hie oan hierders. De measte fan dizze boeren binne sūnder mis Hollānners west, die't dermei it fundemint fan de Bildtse taal lainen, dy't noch altiten op it Bildt praat wurdt.
Oan 'e dyk, dy't daliks al nei de bediking fan east nei west troch it hiele Bildt oanlein wie, ūntstiene 3 delsettings, dy't de bewenners neamden nei de streek wer't se wei kamen, fan west nei east: Wijngaarden, Altoena en Kijfhoek. It Bildt wurde tsjerkelik as 13e dekanaat oan Westergo taheake, wilens it yn 3 parochjes yndield wurde, dy't al gau har aigen tsjerkjes krigen, wijd oan St. Jabik, St. Anne en U. L. Frouwe.
Yn Fryslān nadere it ein fan de Saksise tiid. De hertog, earst yn striid wikkeld mei de Grīnzers, hie no de ynfallen fan de Geldersen te kearen en yn 1514 hie er allinig noch it foech oer Ljouwert, Frentsjer en Hārns. Derom ferkocht hij Fryslān "mit sambt der Beylde" foar 100.000 ggl. oan de nije Hear fan 'e Sśd-Nederlānnen, Karel V.

Yn 1515 wurde nei de oerdracht fan it gebiet oan Karel V it bestjoer oer it Bildt regele. It krige in aigen rintmaster, dy't teffens grietman en dykgraaf wie. Dizze grietman moast as rintmaster elk jier rekkening en ferantwurding ōflizze fan de ūntfongen hiersommen fan 'e lādgebrūkkers oan de rintmaster-generaal fan Fryslān. Foar de hierders wurden hierbetingsten fźststeld ("voorwaarden van inhuring"), dy't nei in seker tal jieren ōfrounen en dan wersjoen wurden . Yn it generaal wurden de hierders ferplichte ta ūnderhald fan dyk en slūs, fearten, wegen, tsjerken en harren pastoars en algemiene earmen. Dizze betingsten binne oan't yn it midden fan de 19e ieuw praktys itselde bleaun.
Krekt as oeral oars yn Fryslān ūntstie ek op it Bildt roun 1570 ferset tsjin it Spaanske bewāld. Nei it ōfskodzjen fan it Spaanske juk wurde it Bildt as 30e grietenij opnommen yn 'e Steaten fan Fryslān. It Bildt wie fan Foarstendomein no Steatendomein wurren. De ferhālding fan de hierders ta de aigners fan 'e lānnen, nou de Steaten blieu deselde; de ynhierings hiene op deselde wize plak.

Slikwerker It grūngebiet wurde troch de oanhāldende oanslibbing hieltyd grutter. It "Būtenbildt" of Nij Bildt wurde yn 1600 bedike en krekt as it Āld Bildt ferhierd. Yn 1637 wurde, troch de bliuwende jildnead fan de Steaten it Nij Bildt, krekt as parten fan it Āld Bildt, oan de hierders ferkocht. De nije aigners hoegden alinnich bij te dragen yn it ūnderhāld fan 'e dyk.
De oanslibbing foar de Nije Bildtdyk, de Bildtpōllen, wurde yn 1715 bedike en troch de aigners fan it Nij-Bildt ferkocht yn 1735
Om dy tiid hinne begūnen ek de Steaten te tinken oan ferkeap fan de fierdere besittings fan har op it Bildt. In op adfys fan Stźdhālder Willem V ynstelde kommisje brocht rapport śt op de Lāndei en nei folle "consideratiėn" wurde op 12 maart 1751 ta ferkeap besletten. Yn de keapakte wurden de ferplichtings fan de - no aigner wurden - Bildtkers nochris dśdlik omskreaun. Alle Bildtpleatsen krigen no it folle stimrjocht en de ferplichte bijdragen gongen no oer op de grūnaigners.
Ek de patriotten gongen it Bildt net foarby en nei't yn 1795 de nije Steaten sitting nommen hiene wurde ek op it Bildt in 'Provisionele Municipaliteit' ynstalleare, dy't de taak fan it ālde Nedergerjocht oernaam. Rjochtspraak en besjoer wiene no skieden.

Troch in tal minne rispingen wienen nei 1813 mannich Bildtpleats ferkocht oan aigners būten it Bildt. Benammen dizze groep begūn him stadichoan tsjin de lźsten, en dan foaral foar de earmensoarch te fersetten omdat dut oeral oars ta de ferantwurdlikhyd fan it gemeentebetjoer hearde. Doe't nei adressen oan de Gemeenteried, Provīnsjale Steaten en sels oan de kening dizze doarpsbelesting as ferāldere oanmurken wie, wurden trije gemeentlike earmbestjoeren oprjochte dy't in earmenūnderhāld an de folmachten oernamen (1859)
De saak hier hjirmei ōfrūn wźze kinnen - de omslaggen wurden noch altyd heven, mar no allinnich foar wegen, diken, fearten, brźgen, tsjerken en skoallen - en de grutste gryf, it earmenūnderhāld wie no weinommen. Mar, omdat in part fan de doarpsynkomsten toch noch brūkt wurde foar it ūnderhālden fan de earmen, omdat dut as 'subsydzje' oan it gemeentebestjoer oerdroegen wurde bliuwen inkele aigners wegerjen te beteljen. Nei't de saak foar it gerjochtshōf yn Ljouwert brocht wie foel de śtspraak fan it Hōf yn it foardiel fan de aigners śt en de gemeente wurde mei in hiele grutte skuldenlźst opsadele. Sij wurde ferplichte de omslagen oer de jieren 1857 - 1863 oan de lānaigners te restituearjen. De ūnderhannelings mei de Ald-Bildt-aigners dy't derop folgen hiene as risseltaat it oernimmen fan de oare ferplichtings fan de aigners troch de gemeente; it oprjochtsjen fan it wetterskip "Het Oud Bildt"en de ōfskieding fan de tsjerken yn de gemeente. Hjirmei ferdwūnen de doarpsbestjoeren en krige it bestjoer op it Bildt har hjoeddeiske foarm.

De begrīnzing fan hjoed de dei fan de gemeente datearet fan 1 jannewaris 1984, doe't yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Frysl6an it doarpsgebiet fan Minnertsgea oan it grūngebiet fan it Bildt tafoege wurde.

(Mei tank oan Geert Boskma, Sint Anne)